Wolkom farske âlders, fersoargers, pakes en beppes en oare besikers.
Poppemassaazje jout poppen waarmte en feiligens en is foar âlder en bern in momint fan ûntspanning en yntins genietsje.
De ûntspannende wurking fan de massaazje en de wikselwurking tusken dy en dyn poppe sille in positive ynfloed ha op de ûntwikkeling fan dyn berntsje.
De massaazje kin ek tige nuttich wêze foar poppen die oerstrekke, ûnrêstich binne as in protte gûle en kin termkramp helpe te foarkommen.
Myn missy is om safolle mogelik âlders / fersoargers dizze leafdefolle basis mei te jaan en erfare te litten hoe bysûnder die ien op ien momintsjes binne. Hoe moai kin it wêze om elts berntsje deistich echt fiele te litten dat der ien foar him/har is. En hjirmei in moaie basis te lizzen foar de takomst.
Dochst mei oan myn missy? Ik gun dy en dyn berntsje in noflike, sterke en bysûndere bân en lear dy graach hoe asto dyn berntsje masseare kinst.
Myn oanbod bestiet út ferskaate mogelikheden om in kursus poppemassaazje te folgjen, sjoch mar wat by dy past. Foar fraachen kinst altyd kontakt mei my opnimme.
Ik sjoch der nei út om jim wolkom te hiten!
Sjoukje